Dokumintêre oer Fryske Wâlden

21 feb 2007 - 20:05

De NCRV hat in dokumintêre makke oer Nasjonaal Lânskip de Noardlike Fryske Wâlden. Yn it programma komme bewenners, boeren en wittenskippers oan it wurd. Sy fertelle oer it bysûndere lânskip yn it gebiet en de manier wêrop at wenne en wurke wurdt.

De dokumintêre wurdt begjin maart útstjoerd. Kommende moandei wurdt er offisjeel presintearre yn it bywêzen fan deputearre Andriesen. De provinsje hat meiwurke oan 'e film.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)