Rouboerden kinne wer pronkje

21 feb 2007 - 17:47

Twa rouboerden fan de famylje Lycklama à Nijeholt dy't yn 1977 oantroffen binne yn de riedseal fan Beatstersweach, binne wer hielendal yn âlde steat werombrocht. De riedseal wie earder it koetshûs fan it Lycklamahûs.

De boerden wiene op de souder bewarre troch de famylje. It giet om in soarte fan wapens út de 18de ieu dy't makke binne by it ferstjerren fan belangrike minsken, yn dit gefal twa famyljeleden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)