Brân yn loads boubedriuw

21 feb 2007 - 13:33
(foto: Jaring Rispens)

In loads fan boubedriuw Veenstra yn Easterein hat woansdeitemoarn skea oprûn by in brân. In heftruck gie dêrby folslein ferlern, de loads sels bleau behâlden. Omdat der in gasflesse op de heftruck stie en omdat der ek oar brânber materiaal yn de loads lei, wie de skrik grut. De brânwacht koe lykwols slimmer foarkomme.

Foar de bedriuwsfiering hat de brân gjin grutte gefolgen, om't yn de loads guod opslein wie as foarried.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)