Waarmte út gas mei wetterstof
Op it Amelân sil de kommende trije jier in appartemintekompleks ferwaarme wurde mei ierdgas dat mingd is mei wetterstof. Dit is ien fan de projekten dy't útfierd wurdt yn it ramt fan Duorsum Amelân, dêr't tongerdei in konvenant foar tekene wurde sil.
Mei de ynset fan wetterstof kin nammentlik de útstjit fan broeikasgassen werombrocht wurde.