'Fiskers út kwotumregeling'

21 feb 2007 - 12:18
Foto: Omrop Fryslân

De Fryske Sportfiskfederaasje set alles op alles om de twa Fryske beropsfiskers op de Lauwersmar út te sletten fan de byfangstregeling. Mei dy regeling meie se no noch in beheind kwotum oan skubfisk meinimme út de Fryske boezemwetters. De twa fiskers waarden koartlyn betrape mei in soad skubfisken lykas bears en snoekbears.

It bûn fan binnenfiskers koe net úthelje, om't de Lauwersmar bûten de Fryske boezem leit.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)