MCL is transparant sikehûs

21 feb 2007 - 10:45

It MCL skoart heech as it giet om transparânsje. Mei in persintaazje fan 95% stekt it sikehûs yn Ljouwert fier boppe it lanlik gemiddelde fan 75% út.

De transparânsje wurdt bepaald oan de hân fan de gegevens dy't in sikehûs oanleverje wol oan bygelyks de ynspeksje foar de folkssûnens en it konsumintebûn. It MCL fynt it wichtich dat pasjinten sjen kinne hoe't it by harren wurket. Sa kin in pasjint in goede kar meitsje foar in sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)