Soarch oer kosten teater Snits

It âlde Amicitia teater yn Snits
De polityk yn Snits is oer it generaal posityf oer it nije teater yn Snits. Yn in kommisjegearkomste die bliken dat de partijen wol soargen hawwe oer it tekoart fan 7,5 miljoen.
Wethâlder Van der Broek fersekere nochris dat wat it kolleezje oanbelanget it nije teater net mear as 27 miljoen euro kostje mei. In diskusjepunt is noch wol de nije brêge oer de Westersingel. Net alle fraksjes sjogge de needsaak fan dy ferbining.