Senioarekompleks De Harkema

De Harkema
De_Harkema krijt miskien in twadde appartemintekompleks foar senioaren. De gemeente Achtkarspelen wol dit plan by de werynrjochting fan it doarp realisearje. Dy plannen wurde op dit stuit ûndersocht. Neffens de gemeente is in twadde wenkompleks needsaaklik om de âlderen de gelegenheid te jaan yn it doarp wenjen te bliuwen.
De_Harkema hat ek al in appartemintekompleks foar âlderen, mar dat is fol en hat in lange wachtlist.