Aris nei heale finale beker

20 feb 2007 - 22:38

Basketbalklub Aris hat de heale finale fan de beker helle. De Ljouwerters wûnen thús mei 89-83 fan Omniworld út Almere. De earste trije kwarten gongen lyk op. Aris hie foar it yngean fan it lêste kwart ien punt efterstân, mar pakte dêrnei in foarsprong fan âlve punten en joech dy net mear út hânnen.

Yn de heale finale is Magixx út Nijmegen de tsjinstânner. De wedstryd is op tiisdei 27 febrewaris om 17.00 oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)