Hertpasjinten sil Acongagua op

Tsien hertpasjinten sille de heechste berch fan Súd-Amearika beklimme. De tocht is opset troch heit en soan Ybema fan Wommels. Heit Roelof krige it yn 2003 slim oan it hert. Doe't it úteinliks goed betearde besleat er mei syn soan Rogier de heechste berch fan Afrika te beklimmen. Dat is slagge en sadwaande folget no de Acongagua yn Argentinië.
It folsleine team bestiet út njoggentjin klimmers.