Boustop is misferstân

20 feb 2007 - 16:11

De boustop op appartemintekompleks Havenstate yn Harns komt troch in misferstân. Dat fynt boubedriuw Timmer út Borger en konstrukteur IV Bouw en Industrie bekend. De oarsaak is in ferskil yn ynterpretaasje oer in fundearringsbalke.

De gemeente Harns lei de bou tiisdei stil. De konstruksje soe net sterk genôch wêze. Der soe te min bewapening yn it beton sitte. It boubedriuw is drok dwaande mei in oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)