'Skier moat gloeilampefrij'

20 feb 2007 - 12:23

It eilân Skiermûntseach moat alhiel gloeilampefrij wurde. Mei dat doel sille skoalbern de kommende wiken de huzen bydel. Se hawwe sparlampen by harren as ferfanging fan de gewoane lampepitten.

De lampe-aksje is in inisjatyf fan it jeugdparlemint fan it eilân. Hy wurdt stipe troch miljeuorganisaasjhe Greenpeace. Ut Lauwerseach wei fear tiisdei in klipper mei tûzen sparlampen nei Skiermûntseach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)