Man pakt foar wapenbesit

20 feb 2007 - 12:17
Foto: Omrop Fryslân

In 22-jierrige automobilist is yn Frjentsjer oppakt op fertinking fan yn it besit hawwen fan wapens. De man foel de plysje op omdat er de rimen net om hie. Op de Skilbanken moat er de auto oan de kant sette.

By kontrôle fan de auto fûn de plysje pepperspray, in wapenstok en in pakket fjoerwurk. Nei it opmeitsjen fan in prosesferbaal is de fertochte wer frijlitten. De wapens binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)