Dútser riidt 120 by Surch

© Omrop Fryslân
By in lasergun-kontrôle op te hurd riden op de N31 by Surch hat de plysje moandeitejûn fjouwer bekeurings útskreaun. De hurdste rider wie in Dútser. Hy ried 120 op it stik dyk dêr't fanwege wurk no tydlik mar 70 km yn 'e oere riden wurde mei.
Nei oerlis mei de offisier fan justysje krige de Dútser in bekeuring fan 392 euro. De automobilist hat it bedrach fuortendaliks oan de plysje betelle.