Noch gjin fûgelgedrachskoade

© Omrop Fryslân
Der komt dizze maitiid noch gjin gedrachskoade foar greidefûgelbehear. It lânbouministearje kin it dêr net oer iens wurde mei boereorganisaasje LTO.
De LTO wol de koade ynfiere, sadat boeren net alle kearen in ûntheffing oanfreegje hoege as se op in hoeke lân wurkje dêr't greidefûgels sitte. Dy ferplichting sit yn de Flora- en Faunawet. De LTO fynt dat it ministearje him te passyf opstelt.