Bou Havenstaete stillein

© Omrop Fryslân
De gemeente Harns hat de bou fan appartemintekompleks Havenstaete yn 'e havenstêd stillein. It is ûndúdlik oft de betonpeallen yn it gebou sterk genôch binne.
De bouwer hat tekeningen ynlevere dy't ôfwike fan it ûntwerp dat no brûkt wurdt. De gemeente kin net kontrolearje oft de konstruksje it wol hâldt. In ûnôfhinklik buro sil de konstruksje ûndersykje. It is noch net dúdlik hoelang't de boustop duorret.