Jonge fan achteren oanriden

20 feb 2007 - 11:05

Yn Snits is moandeitemiddei in jonge fan achteren oanriden op 'e fyts. Dat wie op de krusing Jachthavenstrjitte- Meidoornstrjitte. De jonge foel en rekke ferwûne oan 'e heupe.

De automobilist stapte wol út, mar wie lulk omdat syn auto skansearre wie. Hy ried fuort sûnder de jonge te helpen. De automobilist ried nei alle gedachten yn in Renault. De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)