'Pama praat foar syn beurt' '

Cambuurdirekteur Alex Pama
Cambuurtrainer Wesseling fynt it in nuvere saak dat er freed al geruchten giene dat er moandei dien krije soe. Dat sei er foar Omrop_Fryslân Radio. Direkteur Pama fan Cambuur hat it blykber oan oaren ferteld foardat Wesseling sels op de hichte steld wie, sa sei Wesseling foar de radio.
De trainer is moandei samar ynienen op non-aktyf steld. De minne prestaasjes fan de club soene dêr de reden foar wêze.