Botsing op Oostergoplein

Frontale botsing op Oostergoplein
By in frontale oanriding op it Oostergoplein yn Ljouwert binne tiisdei op syn minst trije minsken ferwûne rekke. It ûngelok wie op de ôfslach nei de Julianaleane. Der wiene fjouwer auto's by belutsen.
Foar safier no bekend is, kaam in auto dy't op de paralleldyk ried op de ferkearde helte fan de dyk telâne. It ferkear koe in skoft net mear rjochting WTC Expo. De plysje hat it ferkear omlaat.