Minder besikers Spitkeet

© Omrop Fryslân
Temapark De Spitkeet op 'e Harkema hat yn 2006 minder besikers lutsen. Meiïnoar 5500 beteljende besikers kamen ferline jier nei it iepenloftmuseum. In hiele waarme julymoanne is mooglik de oarsaak fan it legere tal besikers.
Om it temapark fan nije ympulsen te foarsjen wurdt op dit momint de lêste hân lein oan in twatal nije foarsjennings; in klokkestoel en in holwenning.