Feansters winne fan Vitesse

trener Henk Herder fan Jong Hearrenfean op 'e bank (foto Martin de Jong)
Jong Hearrenfean hat de ynhelwedstryd tsjin Vitesse wûn. Yn Arnhem skoarde Michael Bradley it iennichste doelpunt. De beloften spilen mei 10 man, nei't ferdigener Will Johnson in reade kaart krige nei in swiere oertreding. Se steane no 14 punten foar op nûmer twa, FC Utrecht.
Der is ek lotte foar de heale finale yn it bekertoernoai. Op 26 maart spylje de beloften thús tsjin FC Utrecht.