Twarres earst yn Wergea

Twarres begjint yn thúsbasis Wergea
It earste konsert fan it herienige Twarres is yn thúsbasis Wergea. Op 18 maaie stiet it duo dêr yn De Bidler. Twarres sil dan ek nij materiaal hearre litte.
In pear wike lyn waard al bekend dat Mirjam Timmer en Johan van der Veen Twarres wer nij libben ynblaasd hiene. It duo sil optrede mei in live-band. Twarres stie trijeeninheal jier lyn foar it lêst op it poadium.