Konflikt oer ôfsluten gas

19 feb 2007 - 17:04

Essent slút minsken ûnterjochte ôf, wylst dat net mei yn de winter. Dat fynt Wil Breuker fan Ljouwert, dy't in konflikt hat mei it enerzjybedriuw. Hy fynt dat er tefolle betelje moast en liet it safier komme dat syn gesin ôfsletten waard. Breuker hat himsels yntusken wer oansluten.

Neffens de wet mei nimmen ôfsletten wurde tusken oktober en april, útsein wanbetellers. Essent fynt net dat se minsken ûnterjochte ôfsletten ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)