Baas wol mear breedbân

Ton Baas wol mear breedbân yn de provinsje
VVD-listlûker Baas fynt dat de provinsje him ynsette moat om oeral yn Fryslân foldwaande breedbânferbinings te realisearen. Ek moatte de netwurken dy't der no lizze better op inoar oansluten wurde.
Baas sei dat moandei op in byienkomst op de ynternetakademy fan de Noardlike Hegeskoalle. Bedriuwen, soarch- en oerheidsynstellings ha alle belang by goed wurkjende breedbânnetwurken, ek yn tinbefolke streken, sa fynt Baas.