Aksje FNP tsjin weryndieling

It FNP-promotean by Eagum
De FNP hat moandei yn Eagum en Drachten aksjefierd tsjin gemeentlike weryndieling. Mei in taspraak fan listlûker Johannes Kramer besocht de partij dúdlik te meitsjen dat weryndieling allinnich mar kin as de boargers der achter steane.
De FNP is ek poer tsjin op it idee fan boargemaster Middel fan Smellingerlân om fan it Noarden ien lânsdiel te meitsjen.