Tony Alberda nei ONS
Fuotballer Tony Alberda makket takom seizoen de oerstap fan Harkemase Boys nei ONS Snits. De hast 33-jierrige oanfaller bliuwt sadwaande op it heechste sneons-amateurnivo aktyf.
Alberda hat der al in lange karriêre opsitten. Yn it betelle fuotbal spile hy earder foar Sportklub Hearrenfean, Emmen, Grins en Veendam.