Nije bestrjitting by Aldehou

Yn Ljouwert is moandei begûn mei de werynrjochting fan it Oldehoofstertsjerkhôf. De nije parkeargaraazje is klear, no wurdt de bestrjitting oanpakt.
Tusken de stiennen komme 126 stiennen te lizzen, dy't de kontoeren foarmje fan de tsjerke dy't der eartiids stie. Op 26 oare stiennen steane ôfbyldings dy't mei de skiednis en kultuer fan Ljouwert te meitsjen ha. De earste stien lit in âld perronkaartsje sjen.