Goed jier foar flagesintrale

19 feb 2007 - 14:50

De Dokkumer Vlaggen Centrale hat ferline jier 57 persint mear winst makke as it jier dêrfoar. Dat hat it bedriuw moandei bekendmakke. De winst is omheech gien troch in grutte reorganisaasje yn 2005.

De flagesintrale wol dit jier mear wurk yn Sjina dwaan litte. Dêr wurde no ek al flagen makke. It grutste diel fan de produksje bliuwt yn Dokkum. Fierders wol it bedriuw winkels iepenje yn Amsterdam en Utrecht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)