Ein oan lêste mobile bank

19 feb 2007 - 11:15
Tenei net mear even nei de ridende bank...

It lêste mobile Rabobankkantoar fan Fryslân hâldt op te bestean. Yn april hâldt de Rabobank fan it Hearrenfean der mei op. It mobile kantoar hat dan 22 jier bestien. Neffens de direksje fan de bank makken der noch mar inkele tsientallen klanten gebrûk fan. De bus fan de bank kaam ûnder mear yn Jorwert, Jirnsum, Raerd, Hilaard en Aldehaske. Klanten fan de bank moatte no tenei nei in grutter doarp mei in Rabobankfestiging.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)