Auto yn beslach nommen

19 feb 2007 - 10:13

In 36-jierrige Dokkumer is sneintejûn yn syn wenplak oanhâlden. De man siet mei tefolle drank op achter it stjoer. De plysje hie earder in melding krigen dat der in auto oer de Lisdodde riid sûnder kenteken en dat de bestjoerder ûnder ynfloed wie.

Oan de Zwaluwstrjitte waard de bestjoerder oanhâlden. It die bliken er tefolle dronken hie. De man syn auto is yn beslach naam om't dy net fersekere wie en gjin kenteken hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)