Kramer wint mei ploech

18 feb 2007 - 17:14

De Nederlânske ploech, mei ûnder oare Sven Kramer, hat by de wrâldbekerwedstriden yn Erfurt snein de ploechefterfolging by de manlju wûn.

It team wûn dêrtroch ek yn it klassemint fan de wrâldbeker. Sven Kramer ried mei Carl Verheijen en Wouter Olde Heuvel. Harren tiid wie 3.46,61.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)