Hearrenfean - Twente: 1-2

Hearrenfean falt oan, mar Bakircioglu skoart foar Twente (foto Martin de Jong)
SC Hearrenfean hat snein mei 2-1 ferlern fan FC Twente. Yn it eigen Abe Lenstra stadion kaam Hearrenfean al fluch op efterstân troch in goal fan Blaise_N´Kufo. Kennedy_Bakircioglu makke der nei in goed heal oere 0-2 fan.
Nei it skoft kopte Petter_Hansson de 1-2 binnen út in corner fan Thomas Prager. Dêr bleau it úteinliks by, al rekke Twente noch twa kear de peal. Hearrenfean stiet no sechde mei 38 punten út 25 wedstriden.