Ferskate mishannelings

© Omrop Fryslân
Yn Drachten is yn de nacht nei snein in ynwenner (22) fan dat plak oanhâlden foar it mishanneljen fan in man (19) út Wynjewâld. De plysje seach it barren en koe de man fuort oppakke.
Twa ynwenners (18) fan De Knipe waarden dyselde nacht oanhâlden yn har wenplak foar it mishanneljen fan trije jonges út Oranjewâld en De Knipe. En ek op De Jouwer gie it mis. Dêr waard in ynwenner (16) fan It Hearrenfean yn inoar slein.