Famkes oanriden yn Donkerbroek

18 feb 2007 - 14:41

Twa famkes út Axel binne sneontejûn slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Petersbrêge yn Donkerbroek.

De famkes fan 14 en 16 jier rûnen op de Paralleldyk, doe't in automobilist (33) út dat plak har te let yn de gaten krige. Hy remme en stjoerde rjochts de bjirm yn, mar om't ek beide famkes op dat stuit ek gau de bjirm yn sprongen, rekke de auto har dochs. Se binne mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)