Mishanneling om MP3-spiler

© Omrop Fryslân
In ynwenner (17) fan Koatstertille is sneontemiddei bot mishannele troch in 19-jierrige Burgumer. Beide manlju krigen spul om in MP3-spiler dy't it slachtoffer fan de Burgumer liend hie.
De Burgumer sloech de jongen dêrby fol yn it gesicht. De jongen út Koatstertile rekke sa bot ferwûne dat er behannele wurde moast by de Dokterswacht. De Burgumer is letter yn syn wenplak oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo.