Nijenhuis net nei WB-finale

Beorn Nijenhuis: net nei WB-finale
Reedrider Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean hat him net foar de wrâldbeker finale fan de 1500 meter kwalifisearre. Nijenhuis waard fyfde op de 1500 meter yn Erfurt, yn in tiid fan 1.47,49.
Konkurrint Mark Tuitert waard tredde en mei dêrtroch nei de wrâldbeker-finale, dy't begjin maart yn Calgary ferriden wurde sil. De 1500 meter yn Erfurt waard wûn troch Enrico Fabris, Erben Wennemars waard twadde.