Elma de Vries wint 14e maraton

F.l.n.r. Daniëlle Bekkering (2) Elma de Vries (1) Helen van Goossen (3), foto: Martin de Jong
Elma de Vries fan De Haule hat sneon de fjirtjinde maraton fan de Essent-kompetysje yn Alkmaar wûn. Daniëlle Bekkering, ploechgenoate fan De Vries, waard twadde en bliuwt liedster yn it klassemint.
By de manlju wûn Miel Rozendaal, foar Sjoerd Huisman en Bob de Vries fan De Haule. Jan Maarten Heideman is twa wedstriden foar de ein al wis fan de einoerwinning.