Harkemase Boys winne fan Urk

Trener Fritz Korbach
De Harkemase Boys ha sneon mei 2-1 fan Urk wûn. De wedstriid yn de ûnderein fan de haadklasse wie foaral spannend. De 1-0 waard makke troch Erdem Yeni. Pieter Ras makke foar Urk de lykmakker.
Krekt foar it skoft krige de thúsploech in strafskop nei in oertreding op Tony Alberda. Marc Hegeman wist mei dizze bûtenkâns wol rie. Keeper Sven Veldhuizen moast mei in blessuere fan it fjild. Hy hat nei alle gedachten in harsenskodding.