Plúmke foar Snitser helpers

© Omrop Fryslân
De frijwilligers fan it Antoniussikehûs yn Snits hawwe dit jier de Aggemabokaal wûn. De priis is in inisjatyf fan de karnavalsferiening yn Snits.
Dy fynt dat de frijwilligers in plúmke fertsjine omdat se har al mear as 30 jier ynsette foar de pasjinten yn it sikehûs. De priis waard sneontemoarn útrikt troch Prins Rients de Eerste fan de karnavalsferiening yn it stedhûs fan Snits.