Dominomosk te sjen yn museum

17 feb 2007 - 13:18

De ferneamde domino-mosk is fan 26 juny ôf te sjen yn it Natoermuseum Fryslân. Neist de mosk is ek ien fan domino-mûzen te sjen.

Dy waarden yn in pizzadoaze it FEC yn smokkele om sa de goai nei it wrâldrekôr te sabotearjen. De mûzen waarden op tiid fûn. Ien fan de mûzen is letter by it museum ôflevere. De dominomosk waard deaskeatten doe't 'r troch de hal mei stientsjes fleach en in soad stientsjes omgoaide.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)