Akademy: Frysk yn grûnwet

De kommisje dy't neffens it nije regearakkoart sjen sil hoe't it Nederlâns in plak krije moat yn de grûnwet, moat ek goed sjen hoe't it Frysk dêr yn past. Dat fynt direkteur Salverda fan de Fryske Akademy. Hy die syn útspraak op in jûn fan de Ried fan de Fryske Beweging.
Salverda fynt dat de kommisje bygelyks sjen kin nei de posysje fan minderheidstalen yn de Finske grûnwet en dat der fierder ûndersyk nêdich is.