Nije ôfspraak Cambuur - plysje

Cambuur is net langer ferantwurdlik foar problemen bûten it stadion. It giet dan bygelyks om fjochtpartijen tusken supporters. De ferantwurdlikens leit tenei by de plysje. Dat hawwe de club, de gemeente Ljouwert en de plysje ôfpraat yn in konvenant.
Foarhinne waard de club faak wol by problemen bûten it stadion belutsen. Doel fan it konvenant is in dúdlike skieding te meitsjen tusken de echte supporters en relskoppers.