Jild jeugdparlemint ferdield

16 feb 2007 - 20:32
Foto: Omrop Fryslân

It Frysk Jeugdparlemint hat de 2.500 euro dy't it útjaan mei ferdield oer fiif projekten. It jild giet ûnder oare nei anti-rasistyske teksten op de tagongskaartsjes foar in popkonsert en it betinken fan slogans dy't jongeren der ta oansette moatte smoargens yn ôffalbakken te goaien.

It Frysk jeugdparlemint waard foar de sechtjinde kear hâlden. Hast hûndert bern hawwe trije dagen lang de provinsjale polityk neispile.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)