Chad Hedrick ynwenner Fryslân?
De kâns is grut dat reedrider Chad Hedrick meikoarten yn Fryslân wennet. De DSB-reedrydploech hat belangstelling foar de Amerikaan. Sels sjocht Hedrick in oergong nei de ploech ek wol sitten.
Mocht it ta in kontrakt komme, dan wol Hedrick in hûs sykje yn de omkriten fan it Hearrenfean. Hedrick sil dêr dan njoggen moannen yn it jier wenje.