Deiboeken fan skilder Mankes

Twa deiboeken fan Mankes ferskine yn boekfoarm
Twa deiboeken fan keunstskilder Jan Mankes komme yn boekfoarm út. Se waarden ûntdutsen by de tarieding foar in eksposysje oer de skilder yn Museum Belvédère. Histoarikus Yme Kuiper fûn de skriften en wol se no útjaan.
Mankes libbe ein 19e, begjin 20e ieu. Hy wenne seis jier yn De Knipe en hat dêr in soad lânskippen, portretten en bisten skildere. Syn doeken binne tonnen wurdich. De eksposysje yn Oranjewâld iepenet op 23 febrewaris.