Auto rydt brêge stikken

16 feb 2007 - 11:25
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat yn Ljouwert twa manlju oanhâlden op fertinking fan it útnaaien nei in ûngelok. Dat barde nei oanlieding fan it stikkenriden fan de Flietsterbrêge. De stikken fan de leuning, fan de slachboom en fan 'e auto leine oer de dyk en yn it wetter.

Yn de auto lei in beurs en mei de adresgegevens koe de man thús oanhâlden wurde. Hy wie dronken. In twadde man is ek oppakt. Beide manlju binne ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)