Harry Potter yn it Frysk

16 feb 2007 - 10:37

De Harry Potter-boeken wurde oerset yn it Frysk. Utjouwer Steven Sterk hat in jier wurk hân om de rjochten foar de boeken fan skriuwster J.K. Rowling te krijen. Oersetster/skriuwster Jetske Bilker wurket op dit stuit oan it earste boek, yn it Nederlânsk bekend as De Steen der Wijzen.

De útjouwer hopet dat it boek fan 't simmer yn 'e winkels leit. Hoe grut de oplaach fan de Fryske Harry Potter is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)