Nijpels makket ferkiezingsrap
De provinsje lit kommissaris fan de Keninginne Nijpels rappe, om sa de jongerein op 7 maart nei de stimbus te krijen. Op dy dei binne de provinsjale steateferkiezings.
De ferkiezings libje net by jongeren. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Nijpels tegearre mei rapper Remon in plaat makke. Dêryn wurdt de jongerein oproppen om dochs foaral gebrûk te meitsjen fan har stimrjocht.