Problemen oanlis gaslieding

15 feb 2007 - 21:55

Der binne noch altiten problemen mei it lizzen fan in gaslieding yn Fryslân. Ynkoarten wurdt foar de tredde kear besocht in stik fan de transportlieding by Aldegea oan te lizzen. Grutte stiennen soargen der dêr earder foar dat de buizen stikken giene.

De Gasunie hie rekken hâlden mei tsjinslach. Dochs wurdt ferwachte dat it wurk yn augustus klear wêze sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)