Te min ûnderdielen foar F-16's

15 feb 2007 - 17:08

It wurdt dreech om de F-16's genôch fleane te litten. It personiel moat hieltyd mear de tastellen opknappe. Der binne te min reserve-ûnderdielen sadat ûnderdielen út oare tastellen sloopt wurde.

Dat is aanst oer, neffens âld basiskommandant Ruijs. Der wurde mear reserve-ûnderdielen ynkocht. Ruijs sei dat by syn ôfskie tongersdei. Hy hat it kommando oerdroegen oan syn opfolger kolonelfleaner Den Drijver.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)